Brânwachtkazernes yn Nijefurd

31 aug 2009 - 14:02

De gemeente Nijefurd jout grien ljocht foar de bou fan nije brânwachtkazernes yn Warkum en Starum. De nije sintrales komme krekt bûten it sintrum te lizzen. Sadwaande kin de brânwacht folle gauwer by brannen oanwêzich wêze yn fergelyk mei de sitewaasje no.

De nije kazerne komt yn Warkum oan de Konvintdyk. Yn Starum sil boud wurde by it sportterrein. Doel is om takom maitiid mei de bou fan de kazerne yn Warkum út ein te setten en ein 2010 yn Warkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)