Dialyzesintrum yn Kollum

31 aug 2009 - 13:24
Nierpasjinten hoege minder te reizgjen

Yn it soarchsintrum Meckama State yn Kollum is in nij dialyzesintrum iepene. Nierpasjinten út Kollum en omjouwing hoege sadwaande minder te reizgjen.

It behannelsintrum is ûnderdiel fan it MCL-sikehûs yn Ljouwert. Der kinne 24 pasjinten yn 'e wike behannele wurde. De behanneling is fan 'e selde kwaliteit as yn it MCL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)