Ljouwerters krije bakstiennen

31 aug 2009 - 12:13

Dizze wike wurde yn Ljouwert hûs oan hûs 45.000 bakstiennen útdield. Doel is dat de Ljouwerters mei-elkoar in monumint op it Mercuriusplein bouwe. It inisjatyf is ûnderdiel fan it W.C. de Groot-jier, in earbetoan oan de Fryske arsjitekt mei dy namme. Hy ûntwurp om 1900 hinne ferskate belangrike gebouwen yn Ljouwert.

It Frysk Museum organisearret it projekt en keunstner Martijn Engelbregt soarget foar de begelieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)