Rabobank Starum giet ticht

31 aug 2009 - 10:52

It kantoar fan de Rabobank yn Starum giet mei yngong fan 1 oktober ticht. Der komme hieltyd minder klanten, omdat dy foaral gebrûk meitsje fan ynternetbankieren en de jildautomaat.

De Rabobank hat noch besocht om it kantoar yn Starum iepen te hâlden, ûnder oare troch de iepeningstiden oan te passen. Dat soarge lykwols net foar mear klanten op kantoar. De direksje seit dat it no te djoer wurdt om it kantoar noch langer iepen te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)