Brommer rydt fytser (81) oan
In man fan 81 jier út Stiens is snein ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. It slachtoffer fytste oer de Wythústerwei doe't er oanriden waard troch in 16-jierrige bromfytser. Dy hie de man troch de leechsteande sinne oer de holle sjoen.
De Stienzer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De jonge kaam mei de skrik frij.