Laptop út auto stellen

31 aug 2009 - 09:56

De plysje ûndersiket de stellerij út in auto dy't parkeard stie yn de Sierksmastrjitte yn Ljouwert.

De 37-jierrige eigner hearde moandeitemoarn in lûde knal. Doe't er nei bûten rûn om te sjen wat der oan de hân wie, seach er dat der in rút fan syn auto stikken wie. Ut de auto wiene in laptop en in tas mei klean stellen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)