Poerbêste etappe Lieuwe Westra

Lieuwe Westra
Lieuwe Westra fan Mûnein hat snein in poerbêste earste etappe fan de Ronde fan Spanje riden. Dy gong fan Assen nei Emmen oer 203 km. Nei 3 km siet er yn in kopgroep fan fiif man en op 20 km fan de einstreek naaide er út.
De foarsprong op it peloton koe Westra net fêsthâlde. Op 12 km foar de streek waard er ynhelle. Hy einige lykas Pieter Weening krekt achter it grutte peloton. De etappe einige yn in massasprint, dy't wûn waard troch Gerald Ciolek út Dútslân.