Trio V.d. Meer wint yn Huzum

De frijeformaasjekeatspartij yn Huzum is sneintemiddei wûn troch it partoer fan Rutmer van der Meer, Renze P. Hiemstra en Taeke Triemstra. Sy wûnen de iensidige finale op 5-1 en 6-2 fan it trio Wilco Rinia, Herman Sprik en Gert Jan Meekma.
De lytse preemje wie foar Johan van der Meulen, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra. Taeke Triemstra waard útroppen ta kening fan 'e wedstriid.