Schuil/Nummerdor winne goud

30 aug 2009 - 16:45

Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor ha snein it beachfoljebaltoernoai út de World Tour yn Scheveningen wûn.

Yn de finale yn it útferkocht beachstadion wiene de as earste pleatste Nederlanners mei 21-17 18-21 15-10 te sterk foar de Spanjaarden Pablo Herrera en Pedro Gavira. It is de fyfde titel fan it twatal op de World Tour en de twadde op rige. Ferline wykein feroveren se ek goud yn it Finske Aland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)