Mishanneling yn Warkum

30 aug 2009 - 15:29

De plysje hat sneontemiddei twa ynwenners fan De Lemmer fan 47 en 16 jier oanholden. Se wurde derfan fertocht dat se op in sportterrein oan de Weverswei yn Warkum in 52-jierrige ynwenner fan dat plak mishannele ha.

Dizze rûn dêrby ferskate ferwûnings op oan it gesicht en rekke in pear tosken kwyt. De oanlieding foar de mishanneling wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)