Ekstra jild foar Streekmuseum

De gemeente Tytsjerkteradiel jout it Streekmuseum en Folksstjerrewacht yn Burgum in ekstra bydrage fan 25.000 euro yn it jier. De gemeente wol it museum dêrmei helpe ek yn de takomst de kolleksje goed beheare en ûnderhâlde te kinnen.
Mei de ekstra bydrage kin it lean fan de behearder betelle wurde. Der wurdt noch besjoen oft it mooglik is nochris 10.000 euro ekstra út te lûken foar it oanstellen fan in konservator. It plan stiet yn in notysje oer de musea.