Lêzings oer Pieter Stuyvesant

De lêzing fan prof. Jensma (foto: Lenus van der Broek)
De wurkgroep fan de Orde van den Prince organisearre sneontemiddei yn gearwurking mei de gemeente Weststellingwerf en de freonen fan de Pieter Stuyvesanttsjerke in sympoasium oer Pieter Stuyvesant yn de tsjerke yn Pepergea.
Nei de iepening hold professor Jensma fan de universiteit fan Grins in lêzing oer de jonge jierren fan Stuyvesant en syn famylje yn Pepergea en Skerpenseel. Der wiene ek noch in tal oare lêzings.