Foars betelje foar bouleezjes

© Omrop Fryslân
Ljouwerteradiel stiet yn de lanlike top tsien fan gemeenten dêr't it meast betelle wurde moat foar bouleezjes. It giet dan om ferbouwingen oant 10.000 euro. Dat kostet dêr hast 500 euro, docht bliken út ûndersyk fan de Vereniging Eigen Huis. Dy hat de bouleezjes fan dit jier fergelike mei dy fan ferline jier.
Dêr docht ek út bliken dat Dantumadiel de Fryske gemeente is dêr't de bouleezjes dit jier it meast omheech gien binne.