Weening en Westra yn prolooch

29 aug 2009 - 20:58

Pieter Weening en Lieuwe Westra ha sneontemiddei de 4,8 kilometer lange prolooch fan de Ronde fan Spanje op it TT-sirkwy fan Assen riden. De winst wie foar de Switser Fabian Cancellara dy't 5 minuten en 20 sekonden wurk hie. Pieter Weening waard 37ste op 26 sekonden, Lieuwe Westra 48ste op 27 tellen.

Foar de 198 hurdfytsers wie it spitich dat de omstannichheden lang net gelyk wiene. By de ien skynde de sinne, by in oar reinde it of wie it sirkwy wiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)