Harkemase Boys tsjin Feyenoord

29 aug 2009 - 20:28

Harkemase Boys hat de twadde ronde fan it KNVB-bekertoernoai helle. Yn Heerlerheide waard sneins earste-klasser Groene Ster mei 4-2 ferslein. Feyenoord is no op 23 septimber op De Bosk de folgjende tsjinstanner.

Yn in rommelige earste helte kaam de thúsploech op foarsprong. Roel van der Meulen makke út in frije traap de 1-1. Nei de 2-1 foar Groene Ster healwei makken De Boys troch Martijn Barto, Arjen Postma (in pracht skot fan 18 meter) en Oebele Schokker dien wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)