Nominaasje bruorren Zonderland

29 aug 2009 - 17:34

By de earste kwalifikaasjewedstriid yn Prinsenbeek hawwe Epke en Herre_Zonderland harren nominearre foar it WK turnjen yn Londen. Epke pakte syn nominaasje op it ûnderdiel rek.

Broer Herre die dat op trije ûnderdielen: sprong, ringen en rek. Epke_Zonderland hat noch in protte problemen mei it skouder en ek mei syn ankel. Oer fjirtjin dagen is yn Vught de twadde kwalifikaasjeronde. Troch blessueres wiene der mar tsien turners yn Prinsenbeek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)