De Jouwer wint mei 2-0

29 aug 2009 - 16:53

De Jouwer hat sneon yn de earste ronde fan de KNVB-beker mei 2-0 wûn by Drachtster Boys. Martijn Roosenburg soarge yn de earste helte út in strafskop foar de Jouster foarsprong. Yn de twadde helte ferdûbele Joreilly Chirino de skoare.

Drachtster Boys krige in protte kânsen, mar doelpunten meitsje wie in grut probleem foar de Boys. De Jouwer spilet op 23 septimber yn de twadde ronde op it eigen fjild tsjin earedivisionist FC Twente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)