Oanholden foar drugsbesit

29 aug 2009 - 14:13

In man fan 27 jier is yn de nacht fan freed op sneon oanholden yn Ljouwert, omdat er drugs en in mes by him hie. De plysje seach de man op de Weaze en hat him fûljearre.

Hy hie santich boltsjes mei nei alle gedachten kokaine en heroïne by him. En de plysje fûn ek in mes. De man is meinaam nei it buro en opsletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)