Bedriging mei wapen
De plysje hat yn Hylpen in man fan 34 jier oppakt, fanwege bedriging en ferbean wapenbesit. De man hie ien oan de doar hân en dy mei in wapen bedrige.
De plysje hat in arrestaasjeteam nei it adres fan de man stjoerd, en dat hat him oanhâlden. De man hie in semi-automatysk wapen yn 'e hûs. Dat is yn beslach naam. De man is fêstset.