Schuil en Nummerdor winne

Schuil en Nummerdor yn aksje
Richard Schuil fan Ljouwert en syn maat Reinder Nummerdor ha har sneon pleatst foar de heale finales fan it World Tour beachfoljebaltoernoai yn Scheveningen.
Yn in spektakulêre wedstriid tsjin de Brazilianen Franco Vieira en Benjamin Insfran wûnen Schuil en Nummerdor mei 23-21 en 21-16. De heale finale stiet snein op it program. De tsjinstanner is noch net bekend.