Skuorre ôfbaarnd Ousterhaule

29 aug 2009 - 13:04

By in brân yn Ousterhaule is freedtejûn in skuorre ferlern gong. De brân ûntstie doe't in auto yn de loads yn 'e brân rekke. Dat barde doe't de bewenner mei de auto oan it laskjen wie.

De bewenner skeakele de brânwacht yn. Dy wie gau by de brân, mar koe net foarkomme dat de loads folslein fernield rekke. Hoe grut de skea is is net bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)