Rieu set Thialf op syn kop

29 aug 2009 - 12:43

André Rieu set trije dagen Thialf op syn kop. De fioelist út Maastricht reizget de hiele wrâld oer mei syn Johann Strauss-orkest. Hy is de bêst ferkeapjende manlike artyst op dit stuit.

Freed kamen 6000 minsken op syn earste optreden yn Thialf op It Hearrenfean ôf. Sneontejûn en snein is André Rieu wer te sjen yn Thialf. It iisstadion is dan mei 9000 besikers beide kearen sa goed as útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)