Fryske ynbring brân Schoorl

29 aug 2009 - 11:54

De Fryske brânwachtkommandant Geert Sjoerdstra hat freedtenacht in wichtige taak hân by de bestriding fan de boskbrân yn Schoorl. Sjoerdstra joech lieding oan de korpsen dy't ynset waarden by it blussen. By dy korpsen wiene ek in tal Fryske.

De Fryske korpsen waarden freedtejûn let oproppen. Se binne dêrnei yn kolonne nei Schoorl riden. Nei in nacht blussen binne de korpsen sneontemoarn wer thús kaam. De brân is yntusken ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)