Jacht fêst by Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Twa opfarrenden fan it jacht 'Platte Bek' moatte de kommende dagen trochbringe op de Eilannerbalch. Dat is in sânbank oan de eastkant fan Skiermûntseach. It jacht kaam freed fêst te sitten op de sânbank. It rôp dêrop de help fan in rêdingsboat yn, mar dy koe it jacht net los krije.
It wachtsjen is no op it springtij dat foar nije wike foarsein wurdt. Wêrtroch't it jacht fêst kaam te sitten is net bekend.