Keapers sykje nije keapers

28 aug 2009 - 19:06

Boubedriuw Heijmans set syn tefreden keapers yn om nije keapers binnen te heljen. Minsken dy't koartlyn in nijbouhús fan Heijmans kocht hawwe binne benadere mei de fraach om aktyf nije keapers te sykjen. De beleanning by in slagge transaksje is fiifhûndert euro.

Heijmans hat op it stuit nijbouprojekten yn Drachten, Ljouwert en op It Hearrenfean. It bedriuw hopet mei dizze aksje de ferkeap fan nije huzen wer op gong te krijen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)