Wyldemerk bliuwt wol iepen

Wyldemerk bliuwt foarearst iepen
De Campus Wyldemerk by Harich bliuwt it kommende skoaljier foarearst iepen. Dat hat it bestjoer freed besletten. Der binne noch hieltyd finansjele problemen, mar it bestjoer sjocht wol kâns dy op te lossen. Dêrom giet de kampus yn alle gefallen oant 1 desimber troch. Hoe't it dêrnei komt, is noch net bekend. Oan de ein fan it ôfrûne skoaljier moast de kampus ticht om't minister Rouvoet net mear jild jaan woe as de twa miljoen dy't ôfpraat wie.