Stoomtrein siket frijwilligers
De Friese Stoomtrein Maatschappij siket 150 frijwilligers. Fan takom maitiid ôf sil in stroomtrein ride tusken Snits en Starum. It materieel is der al, mar der binne noch flink wat minsken nedich foar op 'e trein, yn de wurkpleats en yn de hoareka.
Yn septimber wurdt yn Snits in ynformaasjebyienkomst hâlden foar potinsjele frijwilligers.