Toanielstik oer JSF

28 aug 2009 - 14:44

Toanielferiening OKK fan Marsum bringt takom jier in toanielstik oer de JSF. It is net bedoeld as proteststik, al komt der wol krityk yn nei foaren.

Yn it stik wurdt de klok goed 25 jier foarút set en is Marsum feroare yn in spoekdoarp. De helte fan de minsken is fuortgien en de oare helte is dôf. It stik wurdt skreaun oan de hân fan ymprovisaasje en spulopdrachten. Dêr wurde sênes fan makke. De reaksjes yn it doarp binne posityf. De toanielferiening siket noch spilers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)