Hearrenfean yn sterke groep

28 aug 2009 - 13:58

Sportklup Hearrenfean nimt it yn de Europa League op tsjin Hertha BSC út Dútslân, Sporting Lissabon út Portugal en FK Ventspils út Letlân.

Dat is de útkomst fan de lotting freed yn Monaco troch it Europeesk Fuotbalbûn. Benammen de ploegen út Dútslân en út Portugal wurde sjoen as swiere tsjinstanners. Sporting wûn yn de tredde foarronde fan de Champions League fan FC Twente. SC Hearrenfean pleatste him foar de groepsfaze troch in lykspul tsjin it Grykske PAOK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)