Ympuls keunstklimaat Ljouwert

Ljouwert wol keunswurken mobiler ha
Keunstwurken yn Ljouwert wurde mobyl. De gemeente besjocht oft in keunstwurk ferhúzje kin nei in oare wyk. It is in plan fan wethâlder Diks. De kommende fjouwer jier wurdt hast oardel miljoen euro stutsen yn it keunstklimaat.
In oar idee is om op ûnferwachte plakken en net organisearre keunst ûntstean te litten. It giet om saneamde guerriljakeunst. De wethâlder hopet sa it keunstklimaat in ympuls te jaan en jonge keunstners te binen oan de stêd.