Duker mei útwreide wurde

© Omrop Fryslân
Sporthal De Duker yn Noardwâlde wurdt mooglik útwreide. Boargemaster en wethâlders fan Weststellingwerf wolle der in ekstra gymmestyklokaal oanbouwe. Dat moat it romtegebrek fuortnimme, dat ûnstien is nei de sloop fan in gymnastyklokaal by de eardere renbaanskoalle.
De kosten foar de bou wurde rûsd op hast 850.000 euro. Meikoarten wurdt dúdlik oft de gemeenterie him ek fine kin yn it plan.