Fergees parkearje yn Harns

28 aug 2009 - 12:01

Besikers fan de Fiskerijdagen yn Harns meie sneon fergees parkearje yn 'e stêd. Wol wurdt der strang kontroleard oft auto's wol op de goede plakken delset wurde. In diel fan de parkearplakken yn Harns is nammentlik ôfsletten fanwege de aktiviteiten. It giet om plakken oan de Harlingerstraatweg en de Zuidwalweg.

Fout parkearde auto's wurde fuortsleept, sa warskôget de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)