Ping jout finansjeel advys

28 aug 2009 - 11:48

Minsken dy't yn finansjele problemen driigje te kommen en help wolle, kinne yn Ljouwert nei Ping. Ping is opset troch de GKB, de gemeente en it UWV-wurkbedriuw. It is te finen yn it UWV-gebou.

De organisaasjes wolle mei it inisjatyf safolle mooglik foarkomme dat de jildsoargen minsken boppe de holle groeie, sadat de problemen noch folle grutter wurde. By Ping kinne minsken advys krije oer hoe't se har problemen oanpakke kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)