Stipe foar klup De Blesse

28 aug 2009 - 11:07

Fuotbalferiening De Blesse krijt goed 10.000 euro foar it opknappen fan de klaai-akkommodaasje. Fan it gebou moat it platte dak oanpakt wurde. Dêr moat nije bedekking op en ek moatte 22 ljochtkoepels ferfongen wurde.

De gemeente Weststellingwerf betellet de helte fan de kosten. De oare helte komt foar rekken fan de fuotbalferiening sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)