Petear oer takomst Wyldemerk

Petear oer takomst Wyldemerk (argyffoto)
Bestjoer en direksje fan Campus Wyldemerk yn Harich prate freed oer de takomst. De Campus sit mei finansjele problemen, om't it Ryk der gjin jild mear ynstekke wol. Reden is in rapport fan de ûnderwiisynspeksje, dat in negatyf oardiel jout oer it funksjonearjen fan de skoalle.
Op de Wyldemerk sitte jongeren dy't op oare skoallen fêstrûn binne, fanwege gedrachsproblemen. De skoalle krijt de stipe fan de gemeente Gaasterlân-Sleat en fan ferskate keamerleden.