Plysje pakt fytsedief op

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter (38) is mei in man (20) út Slootdorp oppakt yn de haadstêd. In meiwurker fan Cameratoezicht hie tongersdeitenacht sjoen dat de Ljouwerter in fyts oan de oar ferkocht. De fyts wie wierskynlik stellen.
Plysjes sprutsen de Ljouwerter oan. Dy fertelde al gau dat er de fyts stellen hie en foar in lyts bedrach ferkocht hie. Beide manlju binne meinaam nei it plysjeburo en sitte fêst foar fierder ûndersyk. De fyts is yn beslach naam.