Hearrenfean fierder yn Europa

Stipe fan de supporters holp de spilers fan PAOK net
Sportklup Hearrenfean hat de pûlfaze fan de Europa League helle. Yn de return tsjin it Grykse PAOK Saloniki bleau it yn it Abe Lenstra Stadion 0-0. Yn de útwedstryd ferline wike yn Grikelân waard it 1-1.
Beide klups makken der net in spektakel fan. De Griken moasten en krigen yn de earste helte twa kânsen. Nei it skoft kaam in oanfallend ûnmachtich Hearrenfean net mear yn de swierrichheden. Freed wurdt yn Monaco lotte foar de groepsfaze.