Supers bliuwe yn sintrum

Supermerken bliuwe yn sintrum
De supermerken yn it sintrum fan it Hearrenfean wurde foarlopich noch net ferpleatst. De gemeente hat dy plannen op in sêft sin, omdat de gefolgen grutter wêze soene as earst tocht waard. Troch de Albert Heijn en Super de Boer fuort te heljen, soene de oare winkels yn it sintrum folle minder klanten lûke.
De gemeente is no yn petear mei de supermerken oer in fergrutting fan harren winkels op it hjoeddeiske plak.