Op besite by Stille Genieter

27 aug 2009 - 16:24

Alve eineksamenlearlingen fan it AOC yn Bûtenpost hawwe tongersdei by de cd-saak fan Gooitzen de Haan, alias de Stille Genieter, op De Harkema op besite west. As fans fan it Nederlânsktalige libbensliet woene se wat mear witte oer de muzyk-bussiness.

Dit wykein is de 30e edysje fan it gala mei Nederlânsktalige artysten dat De Haan organisearret. Dêr wurdt ek de nije cd fan Rommy presintearre. De Haan wie syn manager. Rommy ferstoar oardel jier ferlyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)