Rudy Jansen makket rentree

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur-ferdigener Rudy_Jansen makket freed yn de wedstriid tsjin Den Bosch syn rentree. Jansen waard yn july operearre oan it ankel en spile dêrtroch noch gjin wedstriid. Hy ferfangt de skorste Leon Hese en spilet sintraal achteryn, tegearre mei Robert van Boxel.
Mark de Vries sil op 'e nij as spits begjinne, om't Ter Heide ek noch skorst is. Fierder beskikt trainer Stanley Menzo oer in fitte seleksje, útsein in tal al langer blessearren.