Dyk Winsum-Dronryp ôfsletten
Fanwege wurksumheden is de dyk tusken Winsum en Dronryp fan moandei ôf oardel wike ôfsletten. De dyk tusken Dronryp en Hatzum krijt in nije laach asfalt. Yn Hatzum sels wurdt in stik dyk opnij oanlein.
Yn Winsum kin it ferkear oerlêst hawwe fan wurk oan de krusing fan de Froonackerdyk en de Kleasterwei. Dêr komt in rotonde. Dy wurdt yn oktober oanlein.