Post nimt part Delta-oil oer

27 aug 2009 - 13:03

Oaljemaatskippij Post fan It Hearrenfean wol parten fan Delta-oil fan Harns oernimme. Beide partijen binne dêroer yn ûnderhanneling. Delta-oil is in lytse oaljemaatskippij mei trije tankstasjons en hat him spesjalisearre yn de ferkeap fan biobrânstoffen. Dat lêste ûnderdiel bliuwt yn hannen fan Delta.

Post is benammen ynteresearre yn de ferkeap fan de gewoane brânstoffen by de tankstasjons fan Delta. Dat bedriuw hat trije ferkeappunten yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)