13 nammen Cambuursupporters

27 aug 2009 - 12:12

De syktocht nei de feroarsakers fan de rellen fan nei de wedstryd Cambuur-Roda JC op 3 juny hat binnen 24 oeren fertuten dien. De plysje publisearre woansdei 21 foto's fan relskoppers op de website dadergezocht.nl. Ien persoan hat himsels melden, fan tolve oaren binne nammen neamd.

Yntusken hawwe seistûzen minsken de foto's besjoen. Yn de regel besykje 600 minsken deis de site. De plysje fernimt dat Cambuursupporters graach wolle dat de relskoppers pakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)