Grykse supporters oppakt

27 aug 2009 - 11:36

De plysje hat woansdei yn Amsterdam achttjin supporters fan de Grykse fuotbalclub PAOK Saloniki oppakt. Dy klup is tongersdei de tsjinstanner fan Hearrenfean yn in wedstryd foar de Europa League. De Grykse supporters fernielden ûnder oare ruten yn it sintrum fan Amsterdam.

De Gryske klup stiet bekend om syn fanatike supporters. Hearrenfean set dêrom foar de wedstryd fan jûn alle 350 beskikbere stewards yn. 1280 Griken hawwe in kaartsje kocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)