Man moat dumpt ôffal opromje

27 aug 2009 - 10:34

In 42-jierrige man út De Tynje moat de kommende tiid flink oan it wurk. Hy wurdt derfan fertocht in grutte bult ôffal yn in sleat oan de Mercurius op It Hearrenfean dumpt te hawwe.

It giet om húshâldik, bou en gemysk ôffal. Dat leit op de boaiem fan de sleat. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. Hy moat it ôffal sels opromje of it ôffal moat op syn kosten fuorthelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)