Taske mei paskes stellen

27 aug 2009 - 10:20

In 22-jierrige frou út Ljouwert hat oanjefte dien fan stellerij yn har eigen hûs oan de Amelandsdwinger. Se hie it rút woansdeitejûn op in kierke stean. De ûnbekende dieder koe sa yn it hûs komme.

De dieder naam in taske mei twa pinpassen, in rydbewiis en in OV-jierkaart mei. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)