Drachtster dieven oanholden
Twa Drachtsters fan 21 en 25 jier hawwe woansdei guod stellen by in bedriuw oan De Hemmen yn Drachten. Trochdat wurknimmers har op 'e die betrapen, koe de plysje it duo fuortendaliks oanhâlde.
De wurknimmers seagen dat de beide manlju ark yn har tas stoppen. De plysje hat it duo meinommen nei it buro. Tsjin beide is proses-ferbaal opmakke.