Man mislediget plysje

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige Ljouwerter is woansdei yn in plysjeburo yn Ljouwert oanhâlden omdat er de plysje misledige. Hy moast op it plysjeburo wêze foar in petear.
De man rûn it buro binnen mei in t-shirt mei it wurd ACAB. Doe't in plysje him frege wat dat betsjutte sei er: All Cops Are Bastards. It t-shirt is yn beslach nommen en tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.