Wrâldrekôr foar 'Frysk' hynder

27 aug 2009 - 06:07

It hynder Totilas hat woansdeitejûn in wrâldrekôr festige op it EK Dressuer yn Ingelân. It hynder is berne yn Broeksterwâld en grutbrocht troch Jan en Anna Schuil.

Oant syn sechsde jier hat hy yn it Fryske doarp traind. Om't al gau dúdlik wie dat it in tophynder wie, koe ferkeap net útbliuwe. Totilas wurdt no riden troch topruter Edward Gal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)