Jachtwerf yn oare hannen

26 aug 2009 - 21:16

Ien fan de âldste jachtwerven fan Fryslân, Jachtwerf De Jong fan De Jouwer, giet oer yn oare hannen. By de werf, flakby it gemeentehûs, wurde al sûnt 1640 skippen boud. Ek it steatejacht is dêr fan de helling rôle. Noch altyd wurde der eksklusive houten skippen boud. Jierrenlang wie de werf yn hannen fan de famylje de Jong. Dy namme bliuwt foarlopich ek op de gevel. De nije eigner hjit sels Aaldert de Jonge.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)